Net om it idee omsjippe te helpen, mar om de diskusje wat op
gong te bringen, smyt ik der efkes in pear fragen yn.
1. Wurket it tradisjonele tydskrift-konsept wol op ynternet?
Hoe wurde de digitale ferzjes fan Hjir, Trotwaer en aanst Swingel, lęzen?
As ik foar mysels neigean wannear en węr't ik tydskriften
lęs, dan sjoch my noch net in oere foar it skerm sitten om in ynterview,
eftergrűnferhaal, en neam mar op te lęzen.
Ynternet is foarearst (foar my) noch it medium fan de biten en brokken.
Ik kin gjin FRIT, FRYT of FYT op it húske, yn 'e tún, yn 'e trein ensf.
lęze..
2. Hoe grut is it berik?
Yn prinsipe fansels hiel grut mar, noch lang net elkenien is alle dagen
on-line, en ik tink dat it tal Friezen dat maklik Frysk lęze kin én
regelmjittich on-line is, noch ferrekte lyts is. (Sjoch it beheinde tal
dielnimmers oan dizze nijsgroep en it lytse tal minsken dat op de
goed 100 Fryske ynternetsiden omhipt)
3. Wat moat it konsept wurde?
It iene tydskrift is it oare net. Wa wolst der mei skewiele? Foar elck wat
wils? In soarte fan famyljeblęd of foar leafhawwers fan literatuer, sport,
skiednis, muzyk en neam mar op..
Nochris, it idee stypje ik........
Bauke
Joop Boomsma <joop.b...@chello.nl> schreef in berichtnieuws
HiAM4.110045$5r.12...@nlnews00.chello.com...
Kor
-----------------------------------------------------
Nieuws en informatie uit GROU.
Ga naar: www.degrouster.nl
In iepen digitaal medium sasto oppenearrest kin dęr hiel goed diel fan
útmeitsje. Om it ynteressant te meitsjen foar de trochsneed Fries
(dęr 't Trinus sa it mier oan hat) silst nei myn idee krekt wol yn
hokjes tinke moatte. Wat dat oangiet moatte we tink ik leare fan
de absolute 'hits' op ynternet. Yahoo en oaren tankje har sukses
krekt oan dy differensjaasje (dęr 't ik sa 'n wurd om sees)
Foar elck wat wils, elts siket syn eigen hokje, dęr 't
hi/si him of har (op dat momint) it bęste by fielt.
Soks moat neffens my ek yn it Frysk kinne! *)
Bauke
P.S.
Ja, hoe sist dan freegje?
Hoe't we dat krekt organisearje moatte wit ik ek net. Ik tink datst
de minksen dy 't dęr idee oer hawwe (of tinke dat se dat hawwe),
in pear dagen opslute moast mei 10 kratten cola en ien flesse
jenever en de opdracht om dęr in slutend antwurd op te jaan
foardat de jeneverflesse iepen mei.
Joop Boomsma <joop.b...@chello.nl> schreef in berichtnieuws
aX2N4.119101$5r.14...@nlnews00.chello.com...
Groetnis,
Cornelis van der Wal
Sitte wi jir oan in deade geet te lűken?
Bauke
Kor Hylkema <k.w.h...@chello.nl> schreef in berichtnieuws
WZUM4.116970$5r.13...@nlnews00.chello.com...
> Tige aardich idee.
> Ik doch mei!
> It moat eins in soarte fan Nieuwe Revue-achtige site wurde, wolle we de
> jongerein ek berikke.
>
> Kor
>
> -----------------------------------------------------
> Nieuws en informatie uit GROU.
> Ga naar: www.degrouster.nl
>
>