Google Groups no longer supports new Usenet posts or subscriptions. Historical content remains viewable.
Dismiss

Hier gebeurt nooit wat?

2 views
Skip to first unread message

newsreader

unread,
Jan 17, 2004, 1:54:27 PM1/17/04
to
Ik as Frysk om útens wol ek wol ris wat. Mar der is net sa folle te dwaan
hjirre

Derom fan mij mar ris in berjochtsje. Fertel mei ris wat nijs


NimDrauG

unread,
Jan 17, 2004, 4:53:41 PM1/17/04
to
newsreader wrote:

Dat hie ik ek al earder opmurken, it is hjir in dea stee.
De measten dy't de nijsgroepen besykjen, binne jong en jonge minsken
hawwe neat mei it Frysk ....
Hja fine it mar neat en prate leaver Hollansk of Ingelsk.
Lęze kinne se it Frysk al helendal net, om fan skriuwe mar te swijen.

Dus hjir toevje wat âlde keardels om en in inkeldenien fan om de tritich
hinne dy't it noch aardichhyd hawwe en skriuw ris wat Frysk oer saken dy't
like âld binne as harsels.

NimDrauG.
In dreamende tritiger.


--
mail $(echo nxixmxdx...@xexuxrxoxnxextx.xnxlx | sed 's/x//')

Cor

unread,
Jan 17, 2004, 5:18:39 PM1/17/04
to

Goeie!

Wat hiest te melden dan? Dit is ommers ek neat!


Cor

newsreader

unread,
Jan 23, 2004, 3:47:17 PM1/23/04
to
Mar der is hoop! Miin soan sil op skoalle in "spreekbeurt"
hâlde oer Fryslan! Dit űnderwerp hat hy sels betocht. As't klear is dan sil
hy it ek op in website sette. Wol ien it Hollânsk, mar dat is gewoan hjirre
yn Gelderlân. Hy is 9 ier âld en gjin hikke en tein Frysk.

Nog efkes dit: it Frysk Skriuwen geat my net sa goed ôf, want ik haw nea net
skriuwen leart yn it Frysk. Mar dochs wol aardig om it es in kear te
besiikjen.

Melle


Kening Redbad

unread,
Jan 25, 2004, 5:28:41 PM1/25/04
to
JAWIS WOL, NIJE AKSJE GROEP "GROEP FAN AUWERK" sjoch www.waldnet.nl >
foarum


"Cor" <qw...@spamhome.nl> schreef in bericht
news:25dj00h0qeebr8tei...@4ax.com...

Cor

unread,
Jan 28, 2004, 4:34:51 AM1/28/04
to
On Sun, 25 Jan 2004 22:28:41 GMT, "Kening Redbad"
<yn...@fryslanfrij.nl> wrote:

>JAWIS WOL, NIJE AKSJE GROEP "GROEP FAN AUWERK" sjoch www.waldnet.nl >
>foarum

Ik hoopje dat jim it goedfine da'k it eefkes oernim wat dęr stiet:

"Auteur: Kening Redbad
Datum: 24-01-04 21:56

Dielsteat Nij-Fryslân yn Europa

Groep fan Auwerk

De Groep fan Auwerk is in beweging dy’t stribbet nei in selsstannige
dielsteat fan in Nij-Fryslân yn Europa. Troch politike en (dęrtroch)
ekonomyske machtskonsintraasje wurde de Fryslannen op dit stuit
achtersteld. It giet derom dat de politike macht wer werom nei Fryslân
ta komt! Foar de ynwenners fan Westerlauwersk Fryslân, Easterlauwersk
Fryslân (de hjoeddeiske ommelannen en de stęd Grins), East-Fryslân en
Noard-Fryslân hat de dominante politike, sosjaal-ekonomyske en
kulturele oerhearsking út Nederlân en Dútsklân wei lang genôch duorre
en nei ús miening wurdt it tiid dat de Fryske regio’s mei-elkoar as in
Nij-Fryslân yn Europa har eigen paad kieze. De groep fan Auwerk
stribbet dernei om fia in konfederaasje fan de fjouwer Fryslannen,
(fia gearwurking ta mear selsbestjoer en folwoeksenheid) nei in
selsstannige dielsteat ta te groeien.
In “selsstannige dielsteat” Nij-Fryslân yn Europa moat yn de kommende
25 jier mooglik węze. In dielsteat, om’t de Europeeske Uny sels
hieltyd mear as in politike ienheid sjoen wurdt (de feriene steaten
fan Europa), en de yndividuele steaten dęrtroch mear en mear
diel-steaten fan Europa wurde. Bygelyks, 70% fan de wetjouwing komt al
út ‘Brussel’. Oan de iene kant hat de EU dus mear te sizzen, oan de
oare kant sjogge je ek in űntjouwing nei it Europa fan de Regio’s. De
Fryslannen sille, op basis fan in mienskiplike skiednis, kultuer,
taal, lânskip en ferlykbere sosjaal-ekonomyske situaasje, ien fan de
Europeeske regio’s foarmje kinne, en dęrmei dus as dielsteat in eigen
stim yn datselde Europa krije.
Foar in groeiende groep minsken is de minne ekonomyske posysje en it
ferwetterjen fan it Fryske kultuergoed in doarn yn it each. Sy binne
fan betinken dat de Fryske gebieten tefolle as in wingewest fan
ierdgas, sâlt en oalje sjoen wurde, dat der in te grutte braindrain
fan jonge minsken is nei plakken bűten Fryslân en dat dęrmei in soad
kennis en potinsje ferlern giet. Mear selsbestjoer en úteinlik in
selsstannige dielsteat Nij-Fryslân yn Europa sil foar dy Friezen in
oplossing betsjutte.
Finansjeel en sosjaal-ekonomysk is in Nij-Fryslân dus better ôf as
selsstannige (diel-)steat. De opbringsten fan de boaiemskatten bliuwe
yn it eigen gebiet, ynkomsten fan rekreaasje en toerisme komme te’n
goede oan de regio sels en de belestingopbringsten sille ynvestearre
wurde yn it befoarderjen fan de wurkgelegenheid fan de Fryslannen
sels.
Om dęr efkes op troch te gean: tink allinnich al oan de
ynfrastruktuer: de hjoeddeiske ynwenners fan Fryslân en Grinslân
betelje miljarden dy’t troch de Nederlânske oerheid brűkt wurdt om yn
de rânestęd noch mear wegen en tunnels oan te lizzen, wylst it noarden
skandalich oer de holle wurdt sjoen. It wachtsjen op de ferdűbeling
fan de Wâldwei is in dúdlik foarbyld. In oar dúdlik foarbyld binne ús
ierdgasbaten dy’t yn de bearput fan de Betuweline bedarre binne en
Hollânsktalige űnderwiis projekten bedoelt foar allochtoanen yn de
rânestęd dęr’t de Fryske bern net mei út de fuotten kinne. Op dy wize
skept de hjoeddeiske Nederlânske steat har eigen efterstanne-gebieten.
Ek meitsje wy ús grutte soargen oer it űnbeheinde winnen fan sâlt
wertroch it lân en de huzen fersakje. Under gjin inkelde betinkst gean
wy akkoart mei it foarnimmen om yn dy sâltlagen nukleęr ôffal op te
slaan; wy litte ús lân net ferkwânselje.
Wy “de groep fan Auwerk” binne bliid oer de positive reaksjes dy’t wy
út de mienskip wei en ferskate ynternet foarums krigen hawwe en noch
krije. Fierders fiele in soad minsken fan it hjoeddeiske Fryslân har
ferbűn mei oare Fryske regio’s, sa as de ommelannen en Stęd,
East-Fryslân en Noard-Fryslân.
In gelikense posysje en mear selsbestjoer foar in Nij-Fryslân moat
mooglik węze binnen Europa sűnder bloedferjitten. De foardielen fan in
selsstannich Nij-Fryslân binnen sa dúdlik as wat. Belęstingjild komt
no terjochte dęr’t it foar bedoeld is, nammentlik de űntwikkeling fan
in Nij-Fryslân ynstee fan earne oars.
Der komt mear omtinken foar it eigene kultuergoed en de taal binnen
Nij-Fryslân. De űntjouwingen yn regio’s as Flaanderen, Kataloanje en
Skotlân mei eigen parleminten en regearingen binne ynspirearjende
foarbylden foar de Groep fan Auwerk, en litte ús sjen dat ús ideeën
net űnrealistysk binne.

De Stęd Grins leit lang om let net mear yn in úthoeke, en krijt wer
nije mooglikheden.

Dielsteat Fryslân mei syn eigen fiergesicht: wetter, bosk, heide,
fean, sân en klaai meitsje it lânskip. Histoaryske doarpen en stęden,
midsieuske tsjerken, kolossale pleatsen, elegante stedshűzen, en hege
terpen meitsje diel út fan it rike kulturele erfgoed.
Oan de kym liket de dyk de ein fan it Fryske lân, mar efter de dyk
reizget de boat ôf nei ien fan de Fryske waadeilannen, de pearels fan
de waadsee.

De groep fan Auwerk "

Liket op himsels wol nijsgjirrich. Meitsje dan ek in webside "Auwerk"
soe'k sizze, dat lűkt folle mear oandacht.

Cor

0 new messages